Je winkelwagen is momenteel leeg!
Op tongersdei 14 desimber 2023 om 20.00 spilet Pier21 hun foarstelling ‘De Emigrant’, oer in Fryske emigrant, dy ‘t 60 jier lyn de oseaan oerstuts nei Kanada, opnij ferteld.
“My whole life homesick, noait wer werom west.”
De Emigrant komt nei 10 jier werom! De foarstelling fertelt it ferhaal fan Sybolt de Haas, in Fryske emigrant dy ‘t 60 jier lyn alleryl de oseaan oerstuts nei Kanada. Hy hat it as emigrant net maklik hân. Mar it is him slagge om in aardich grut en goedrinnend boerebedriuw op te bouwen.
De Haas is nea werom gien nei Fryslân. Hy woe net, seach der tsjinoan, wie der miskien wol bang foar. No ‘t er pensjonearre is, is der de gelegenheid om gehoar te jaan oan de winsk fan syn ferstoarne frou: hy makket in reis nei syn roots yn de Greidhoeke yn Fryslân. Syn soan moat foar it earst allinnich it bedriuw draaiende hâlde.Twa aventoeren tagelyk. De reis nei Fryslân wurdt foar de emigrant op alle flakken konfrontearjend.
Ta eare fan it 10 – jierrich bestean fan Pier21 wurdt De Emigrant opnij ferteld, nei it orizjinele ferhaal fan Romke Toering, no regissearre troch Jos Thie. Mei Freark Smink, Theo Smedes en Amin Ait Bihi.
Kaarten kostje €22,50 it stik . Bestel hjironder jo tickets.