Laden Evenementen

Fryske foarstelling: ‘En ik dan?’ fan Pier21

19 oktober 2025 @ 15:00 – 16:00

Informatie

€25,50 19 oktober 2025 15:00 – 16:00
Theaterkerk Nes
Wiesterwei 2
Nes, Noardeast-Fryslân 9143WJ Nederland
Theaterkerk Nes

It Fryske teaterselskip Pier21 bringt op snein 19 oktober 2025 op’e nij in yndrukwekkende foarstelling oer in wichtich maatskiplik tema. En ik dan? is in muzykteäterfoarstelling mei Hiske Oosterwijk, Lourens van den Akker en Jochem le Cointre. In yngripend toanielstik oer mantelsoarch dat út en troch wol in teaterkonsert liket.

Floor stiet altyd foar oaren klear. As famke moast sy thús altyd ynskikke, om’t broer Roel alle omtinken fan har heit en mem frege. No’t har âlden ferstoarn binne, leit de earste ferantwurdlikheid foar him by har. Ek yn har wurk as traumaferpleechkundige en yn har relaasje mei Herman nimt se fansels de soarchrol op har. Mar as Herman út tankberens wat foar har weromdocht, is Floor dermei oan as sy sels yn it middelpunt set wurdt. Is har soarch foar oaren ta skea gien fan harsels?

Bestel jo tickets (€ 25,50 p.s) fia dizze webside.

Komposysjes fan Hiske Oosterwijk, rezjy fan Jos Thie en tekst fan Bouke Oldenhof (Feteranen, Avond, Bijke). Dizze foarstelling is yn it Frysk.

KAARTEN

Onderstaand nummer bevat de tickets voor dit evenement in je winkelwagen. Klik op “Koop Tickets” om bestaande deelnemersinformatie aan te passen en de hoeveelheid tickets aan te passen.
Pier21 'En ik dan'
€25,50
Fryske foarstelling: ‘En ik dan?’ fan Pier21 19 oktober 2025 @ 15:00 – 16:00