Op snein 15 desimber 2024 om 15.00 oere wurdt ‘De Koffer’ opfiert yn Theaterkerk Nes. In muzikaal stik troch Jan Arendz, Frans Douwe Slot, Teke Hettinga en Famke Anne van der Mark. 

Myn koffer, dyn koffer. Wat foar talinten, dreamen en ferwachtings sitte deryn? En wat litst dêrfan oan de bûtenwrâld sjen?

De Koffer is in waarm en humorfol ferhaal oer passy. We sjogge in mearkeswrâld en ek de wrakseling mei de ûnwissens fan prestaasje en ferwachtings. En de ynfloed fan de omjouwing. It giet wat oars as ferwachte. Is it slim ast net hielendal it bêste út dysels hellest? De Koffer is in Frysktalige foarstelling wêryn klassike muzyk, ballet en toaniel, ûnder rezjy fan Bruun Kuijt, in ienheid fan byldzjend muzyktéater wurden binne. Mei prachtige dûns op hearlik tagonklike klassike muzyk sa as de Mondscheinsonate fan Beethoven en de Notenkraker fan Tchaikovsky.

Bestel jo kaarten (18,50 euro it stik) fia dizze webside