Op tongersdei 14 novimber 2024 spilet Pier 21 de in nije foarstelling ‘ Krijst der safolle foar werom ‘ yn Theaterkerk Nes. Yn dizze tragikomeedzje giet it diskear oer it wichtige tema spijtmemmen en winskâlden. Under regy fan Mara van Vlijmen en tekst fan Ali Zijlstra spylje Anna Raadsveld en Benno Veenstra en broer dy’t in nachtlike konfrontaasje mei-inoar oangean oer bernewinsken, spijtmoeders en âlderskip.

Bestel uw tickets (24,50 euro per stuk) via deze website

Over de voorstelling

It is trije dagen foar de krystdagen. Elkenien is drok dwaande mei tariedings foar de feestdagen. Dit jier is it ekstra spannend, want Frank makket spesjaal foar it doarp in krystmusical mei de lytsten fan ‘e muzykskoalle. De repetysjes binne yn folle gong. It tema is wat te folwoeksen, de muzyk wat te kompleks en de kostúms is se neat te dûbelsinnich, mar dêr is Frank har no noch net fan bewust. Hy ûnderfynt foaral de stress fan syn eigen ambysje.