Gurbe Douwstra wurdt 70 jier!! En dat fiert hy graach mei syn publyk. Op sneon 27 jannewaris 2024 komt Gurbe derom mei syn musykteaterfoarstelling nei Theaterkerk Nes. 

De Drachtster sjonger en lietskriuwer jout in jierdeisfeest fol mei muzyk. Mei bekinde âlde lietsjes en fansels ek nije lietsjes, en dat omklaaid mei smaaklike anekdoates.

Douwstra sjocht werom en eaget foarút. Is it allegear wol wier of wurdt ien en oar sa út en troch flink oanset? Geandewei wurde de ferhalen sterke of krekt persoanliker? De toan wurdt, sa’t dat op feestjes giet, hieltyd wat mankeliker. Mar de libbenslust fan dizze krekt sântiger is noait fier fuort.

Yn ‘e mande mei bassist/gitarist Bonne van der Wal en multi-ynstrumentalist Jan de Vries wurdt dit in feest om nea te ferjitten, mei in ‘lach en een traan’. En elkenien is wolkom!

Kaarten kostje €16,50 it stik. Bestel hjirûnder jo tickets.