Sânman & Sikke en Gurbe Douwstra hiere Theaterkerk Nes ôf foar it konsert ‘It dimjen fan ‘e dei’. Dit sil plakfine op sneon 21 septimber; de hjerst set útein, de dagen dimje hieltyd earder en it giet op nei de koartste dei fan it jier. In moaie tiid foar in unyk konsert op in unike lokaasje mei in al even unike en bysûndere gearwurking.

De fokale manljusgroep Sânman & Sikke, dy’t 30 jier bestiet, en de Fryske sjonger en lietskriuwer Gurbe Douwstra, dy’t earder dit jier syn 70ste jierdei fierde, bringe mei-inoar in jûnfoljend programma.

Under it tema ‘It dimjen fan de dei’ sjonge sy de moaiste lieten út harren repertoire. Elk foar himsels, mar fansels ek mei-inoar. En dat soarget sûnder mis foar in moaie en sfearfolle jûn yn de Theaterkerk Nes.

Kaarten kostje 17,50 euro it stik. Bestel jo kaarten hjirûnder fia dizze webside.