“It ferstân komt mei de jierren,” wurdt sein. Mar wurdt men echt wizer as men âlder wurdt? Of meitsje we gewoan wer deselde flaters – mar dan mei mear ûnderfining? En hoe sit it dan mei “hoe âlder, hoe gekker”? Yn syn nijste teater-lietsjesprogramma Ald en (heal)wiis? nimt Gurbe Douwstra dy mei op in muzikale reis fol emoasje, ferhalen, humor en herkenning. As sântiger fielt er him noch altyd jong fan hert, mar oft er no echt wizer wurden is…

Tegearre mei multi-ynstrumintalist Jan de Vries bringt er nije lietsjes, anekdoates en bekende hits út syn lange karriêre yn in smûke, yntime setting. In programma mei in knypeach oer it libben en it âlder wurden.

Kaarten kostje €20,00 it stik. Bestel hjirûnder jo tickets.

Meer evenementen van Theaterkerk Nes? Bekijk hier ons programma