Je winkelwagen is momenteel leeg!
Op freed 20 maart 2026 fertelt skriuwster Anne-Goaitske Breteler oer har nije boek ‘Oan ’e ein fan De Oere‘. Oan ’e ein fan De Oere, it Kadoboek fan 2025, fertelt it ynkringende ferhaal fan de famylje Zwart út Moddergat. Yn in ferfallen pleats oan ’e seedyk libben de net-troude broers Pieter, Jan en Dirk en harren suster Wytske in beskieden, mar bysûnder libben yn in tiid fan grutte feroaring.
Bestel jo kaarten (€10,00 it stuk) fia dizze webside.Â
Mei de komst fan de modernisearring feroare ek it plak fan de famylje yn de mienskip. Jan, de lêste fan it gesin, liet de pleats en in grut legaat nei oan Museum ’t Fiskershúske yn Peazens-Moddergat – mei as betingst dat harren ferhaal in fêst plak yn in tentoanstelling krije soe.
No’t it museum mei dy neilittenskip yn ’e mage sit, kringt in fraach him oan ús op: wat dogge wy mei erfgoed as de minsken dy’t it fertsjintwurdigje der net mear binne om harren ferhaal te fertellen? En wêrom soe krekt dit ferhaal ferteld wurde moatte? It boek ferbynt mûnlinge skiednis, fotomateriaal en literêre non-fiksje ta in djippe refleksje oer tiid, ferlies en de krêft fan lytse ferhalen yn in grutte wrâld.
By de lêzing komme de personaazjes fan de famylje Zwart op in oansprekkende wize ta libben – yn wurden, bylden én unyk fideomateriaal. Yn in programma fan in oere wurdt it publyk meinommen yn it bysûndere libben fan in húshâlding dy’t net fergetten wurde mei.
Meer evenementen van Theaterkerk Nes? Bekijk hier ons programmaÂ