Je winkelwagen is momenteel leeg!
‘Fêste Grûn’ is in Frysktalig teaterstik, skreaun troch Tjeerd Bischhoff. De foarstelling giet oer Renate in sjoernaliste út ’e stêd dy’t troch in ûngelok mei de auto yn kontakt komt mei Rein in boer fan’t plattelân. Se reitsje oan ’e praat en it docht bliken dat se it goed fine kinne. Rein is widner en wrakselt mei de stiksof problematyk en de opfolging fan de pleats. Renate is troud en wrakselt mei de feroaringen yn har wurk en har thússituaasje. Sy ha ferskillende achtergrûnen, binne nijskjirrich nei elkoar en ferlieze harsels yn de blik fan dy oar. En troch de eagen fan dy oar, begjinne sy opnij te sjen nei harren eigen libben. Fêste Grûn is in hertstochtelik ferhaal oer leafde en feroaring. Dit alles yn de rezjy fan Bruun Kuijt.
Kaarten kostje €20,00 it stik. Bestel hjirûnder jo tickets.