Op zaterdag 26 maart 2022 om 20.00 uur is de Frysktalige blockbuster ‘Stjer’ te zien bij Theaterkerk Nes.

Yn de film folgje wy Hûnekopsjonger Emiel Stoffers. Nei alle suksessen fan De Hûnekop is hy in arrogante, egotrippende, narsystische, frou unfreonlike, cocainesnuvende mispunt wurden. Ek hat hy in swalker fan strjitte plukt, Freddy (spile troch Harm Bakker) dy’t allegear putsjes foar him docht. Undertusken komme, ûnder fertochte omstannichheden, hieltyd mear artysten om. Geandewei docht bliken dat it om in serymoardner giet, dy’t it op Fryske sjongers fersjoen hat.

Resjersjeur Goaitske fan Goaitsen, spile troch Bertrie Wieringa, ûndersiket de saak en warskôget Emiel. Emiel falt as in blok foar har. Yn reaksje op de driging fan de moardner bombardeert Emiel Freddy ta nije sjonger fan de Hûnekop. Emiel sels wurdt manager. Freddy ferstiet gjin Frysk en wit dus ek net wat der oan de hân is. Soks bedroch kin fansels net lang goed gean.  Slagget it Emiel om te feroarjen? Sil hy syn ferantwurdlikheid pakke en de moardner trotsere? Om sa werom te heljen wat hy kwyt rekke is? 

Dat is dit jier te besjen op it grutte doek!

Kaarten kostje €10,00 it stik. Bestel hjironder jo tickets. Let op: Tickets fan 2021 bliuwe jildich!