Op freedtejûn 19 april 2024 wurdt om 20.00 oere de FryslânDok ‘ En de boer ‘ foar it earst fertoand yn Theaterkerk Nes. Dizze dokumintêre oer mentale sûnens op it plattelân is makke troch Omrop Fryslân.

Wolle jo by dizze fertoaning wêze? Meld jo oan fia dizze webside. Tagong is fergees.

 

Oer ‘En de Boer’

De boeren sitte yn it each fan in heftige stoarm. Stikstofnoarmen en nije dongregels soargje foar ûnbegryp en lilkens, mar ek foar in soad akute stress. Hieltyd mear boeren komme yn psychyske need. De boer stiet sels op it twadde plak fan suïside-gefoelige beroppen. Gemiddeld twaris yn de moanne docht in boer himsels tekoart yn ús lân. 

 De bekende dichtrigel: “En de boer hij ploegde voort…” fan J.W.F. Werumeus Buning hat syn bêste tiid hân. De boer moat prate, mar mei wa? En hoe? En is it in probleem dat inkeld by de boeren spilet, of spilet it op it hiele plattelân, wêr minsken it dochs dreger fine om oer harren gefoel te praten.

Yn FryslânDOK ‘En de boer’ sjogge we mei ferskillende minsken dy’t ûnderfinings ha mei dizze problematyk nei de achtergrûnen derfan en wat mooglik oplossings wêze kinne. Under oaren ‘Zorg om Boer en Tuinder’ en antropolooch Anne-Goaitske Breteler, dy’t hjir ûndersyk nei dien hat, komme  oan it wurd. Ek wurdt der yn dize FryslânDOK stilstien by de earste ‘Rede foar de geast’, útstprutsen troch Kommissaris fan de Kening Arno Brok.Â