Laden Evenementen

« Alle Evenementen

  • Dit event is voorbij.

Pier21: Bijke

1 december 2022 @ 20:00 - 21:30

Op tongersdei 1 desimber 2022 om 20.00 spylet Pier21 hun nije foarstelling ‘Bijke’, oer mei elkoar wêze en allinne wêzen.

Nei de grutte súksesfoarstellingen `Wat Soesto’, `It wie op in simmerjûn’ en `Feteranen’ spylet Pier21 de nije foarstelling `Bijke’. In nij projekt fan it súksesfolle theaterduo Jos Thie (regy) en Bouke Oldenhof (tekst). Dit kear oer iensumheid. Mei Joke Tjalsma (`It wie op in simmerjûn’ en `Marijke Muoi’) en Theun Plantinga (`Kneppelfreed’ en `Titus’). En mei Bobbie as spesjale gast yn de haadrol. De Fryske teaterfoarstelling is op tongersdei 1 desimber om 20.00 oere te sjen yn Theaterkerk Nes.

Agnes wennet al jierren by René op de buert, mar gjin minsk hat in idee wat Agnes by de ein hat. Sy is slim op harsels. Agnes bemuoit har mei net ien en sjochst har noait op ‘e dyk. As har hûn Bijke op in dei syn oandacht lûkt, fynt René Agnes langút lizzend op de keukensflier. Hy is noch mar krekt op ‘e tiid. Agnes wurdt mei de ambulânse ophelle. Sa bedarret Bijke by René.

Hie hy earder mei har kontakt sykje moatten? Of wie it krekt goed dat er har gewurde liet, om’t sy net siet te wachtsjen op oare minsken? René begjint te twifeljen. Ek oan himsels. Uteinlik moat er tajaan dat er Agnes better begrypt as dat er earst trochhie en dat er mear op har liket as dat er wol.

Kaarten kostje €23,50 it stik (ynkl. 1 komsumpsje). Bestel hjironder jo tickets.

Tickets

Onderstaand nummer bevat de tickets voor dit evenement in je winkelwagen. Klik op "Koop Tickets" om bestaande deelnemersinformatie aan te passen en de hoeveelheid tickets aan te passen.
Tickets zijn niet meer beschikbaar

Gegevens

Datum:
1 december 2022
Tijd:
20:00 - 21:30
Kosten:
€23.50
Evenement Tags:
, , , , , , , , ,

Organisator

Theaterkerk Nes
E-mail
info@theaterkerknes.nl

Locatie

Theaterkerk Nes (Noard East Fryslân)
Wiesterwei 2
Nes, Friesland 9143WJ Nederland
+ Google Maps
Telefoon
06 11 94 86 55
Bekijk de site van Locatie

Geef een reactie