Laden Evenementen

« Alle Evenementen

Fryske teaterfoarstelling Wat soesto! (uitverkocht)

5 maart 2021 @ 20:00 - 22:00

Nei `De emigrant’, `Feteranen’, `Life is beautiful’ en ‘It wie op in simmerjûn’ is der op ‘e nij in bysûndere foarstelling fan Pier 21: ‘Wat soesto!’. Nei trije jier fan stúdzje hat Freark Smink dit ynkringende portret fan in hjoeddeiske boer yn in bysûndere famylje skreaun. Under de regy fan Jos Thie spilet Freark Smink sels de boer en Klaasje Postma syn âlde mem. De Fryske teaterfoarstelling is op freed 5 maart 2021 om 20.00 oere te sjen yn Theaterkerk Nes.

Frans, de haadpersoan út `Wat soesto!’ wit noch goed hoe’t er as jonge langút yn it gers lizze koe tusken de blommen en nei de fûgels harke. Wat wie er grutsk dat er boeresoan wie! Under de strange hân fan syn heit learde er sels boer te wurden. Dat wie net altyd maklik, al hoe goed syn mem besocht de mannen te heinen en te kearen.

Letter as frij boer krijt Frâns te meitsjen mei easken fan oerheid en mieningen fan jan en alleman. De iene maatregel nei de oare maatskiplike diskusje, men soe jin skamje noch langer boer te wêzen. Wylst syn mem op de achtergrûn har eigen libben besiket te lijen, lit Frâns syn situaasje troch him omgean. Hy hat gjin perspektyf, mar hy wol ek net ophâlde. Wat soe er moatte? Wêrom seit de maatskippij net helder wat sy fan de boeren ferwachtsje, sadat er lang om let wer grutsk wêze kin dat er boer is?

Kaarten kostje €23,00 it stik, ynkl. 1 konsumpsje en wurde yfm corona per twatal ferkocht. Bestel jo tickets hjirûnder. Tickets wurde ferkocht per 2 tickets yn ferbân mei corona-maatregels.

Gegevens

Datum:
5 maart 2021
Tijd:
20:00 - 22:00
Kosten:
€ 23

Locatie

Theaterkerk Nes (Noard East Fryslân)
Wiesterwei 2
Nes, Friesland 9143WJ Nederland
+ Google Maps
Telefoon:
0641605898
Website:
www.theaterkerknes.nl

Tickets

Onderstaand nummer bevat de tickets voor dit evenement in je winkelwagen. Klik op "Koop Tickets" om bestaande deelnemersinformatie aan te passen en de hoeveelheid tickets aan te passen.
Wat soesto!
Ticket voor Wat soesto! inclusief 1 consumptie per persoon. Tickets dienen per 2 stuks aangeschaft te worden in verband met corona-maatregelen.
23.00
0 beschikbaar
Uitverkocht